Grutte brommerkontrôle yn Ljouwert

30 jun 2016 - 22:46

De plysje hat tongersdeitemiddei yn Ljouwert in grutte bromfytskontrôle hâlden. Op it Aldehoustertsjerkhôf en de Drachtsterwei waarden sa'n 80 minsken kontrolearre. De plysje hat úteinlik proses-ferbalen opmakke foar 20 oertredings.

Alve minsken rieden te hurd. Oare oertrêdings wienen it net hawwen fan goeie remmen, ride sûnder rydbewiis, klakson, fersekering, kentekenbewiis of goed wurkjende rjochtingoanwizers.

De plysje naam ek it rydbewiis yn fan ien bromfytser om't dy noch in lytse 1.000 euro oan boete iepenstean hie. Dêrneist pakte de plysje noch in 46-jierrige bestjoerder op sûnder fêst wenplak, dy't fertocht wurdt fan it stellen of helen fan in bromfyts.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)