Ried T'diel lilk oer komst útprosedearre asylsikers

30 jun 2016 - 22:17
  • (argyffoto)

Riedsleden fan de gemeente Tytsjerksteradiel hawwe tongersdeitemiddei fernuvere reagearre oer de komst fan útprosedearre asylsikers yn de needopfang yn Burgum. It kolleezje fan b. en w. hat begjin dit jier tastimd yn ekstra romte foar asylsikers neist it azc foar in perioade fan trije jier. It sportfjild is dêr foar frijmakke en der binne ûnderwylst ek caravans delset.

"Fernuvere en lilk"

Op de webside fan de gemeente soe no te lêzen wêze dat it net giet om opfang fan bygelyks Syryske asylsikers, mar om útprosedearre gesinnen. Ek soenen der noch 20 plakken wêze foar 'frijheidsbeheinende opfang'. Hast alle fraksjes reagearren fernuvere en lilk. Neffens wethâlder Fokkema, dy't net wist dat dizze ynformaasje op de website stie, is noch net dúdlik wat der nei de needopfang komt. It COA soe dy dúdlikheid ek noch net jûn hawwe oan de gemeente.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)