Trainer Surhústerfean ferwûne

De haadtrainer fan VV Surhústerfean is tongersdeitejûn by de training ferwûne rekke. Hy wie dwaande mei in training oan de B-seleksje, doe't hy in bal tsjin de achterholle krige.
Earst like der neat oan 'e hân te wêzen, mar even letter sakke hy ynelkoar. De helptsjinsten waarden warskôge en ek de traumahelikopter is oproppen. Uteinlik is de man mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. Hy wie wol by kennis, mar koe net prate.