Pealsit-advys foar meiwurkers Dokkumer supermerk

In bysûndere gearwurking tusken it sikehûs De Sionsberg en de Jumbo Dokkum. De supermerk organisearret takom wykein fan sneon op snein in pealsit-evenemint dêr't 15 meiwurkers mei-inoar 24 oeren pealsitte. Foar in spesjale medyske kontrôle wiene de pealsitters útnûge yn it sikehûs.
Kardiolooch Jan Leendert Brouwer en sjirurch Sharon Muller joegen tips en útlis oer it pealsitten. Ek koe it personiel in hertfilmke meitsje litte en de bloeddruk mjitte litte.
KiKa
It doel fan it pealsitten is om safolle mooglik jild yn te sammeljen foar KiKa. Njonken de meiwurkers fan de supermerk sille ek Jelle B, Lutz Jacobi en boargemaster Marga Waanders meidwaan oan it pealsitten.