Earste massastart ferriden op simmeriis Alvestêdehal

30 jun 2016 - 21:34
  • Bart de Vries, winner fan de B-groep

Op it simmeriis fan de Alvestêdehal yn Ljouwert waard tongersdeitejûn de earste massastart fan it seizoen riden. Yn de manljus B-groep stiene trije Friezen op it poadium. Bart de Vries wûn de wedstriid mei in ronde foarsprong. Jorrit Bergsma waard twad en it tredde plak wie foar Bob de Vries.

Yn de A-groep gie de winst nei Evert Hoolwerf. Hy hold Alexis Contin en Jan Blokhuijsen efter him.

Schulting

Suzanne Schulting wûn yn de frouljus A-groep it brûns. De reedrydster en shorttrackster fan De Tynje moast de winst litte oan Heather Richardson-Bergsma, de frou fan reedrider Jorrit Bergsma. It sulver wie foar fjouwerfâldich Nederlânsk kampioene Irene Schouten.

Yn de B-groep wie der sulver foar Letitia de Jong út Feanwâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)