Bouwmeester nei medaljerace

26 apr 2012 - 20:37

Marit Bouwmeester giet mei in hiele lytse foarsprong nei de medaljerace fan freed. Tongersdei waard der yn Hyères (Súd-Frankryk) mar ien kear syld by de wrâldbeker. Mei in flinke pûster waard Marit tredde. De Sinese Lijia Xu wûn en stiet no ien punt achter de Wartenster yn de tuskenstân (23 om 24 punten). Mar ek de fiif froulju dêrachter kinne de Laser radial klasse noch winne. By de medaljerace sile de bêste tsien fan it klassemint de finale en telle de punten dûbel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)