Parkoers Harnzer Cityswim giet dwers oer in terras

Cityswim yn Harns © Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
De twadde edysje fan de Harnzer Cityswim wurdt opnij in bysûnder sportevenemint. Luts de Cityswim foarich jier de oandacht om't der op it swimtrajekt troch havens en grêften in stikje klúnd wurde moast, op 9 july dit jier moatte de dielnimmers dwers oer in terras hinne rinne.
Swimferiening de Vikings, dy't de Cityswim organisearret, wreide de rûte dit jier út nei it sintrum fanwege de grutte belangstelling. Foarich jier moast der klúnd wurde oer de Grutte Slús. De klúnrûte is no ferlein fan de Liuwenbrêge fia de Sint Jacobstrjitte nei de Lytse Foarstrjitte.
Neffens de organisaasje is der fia it terras no in feilige tagong ta it wetter. Minsken kinne har noch in pear dagen opjaan foar de Cityswim.