Engie: Proefboarring Skier giet troch

30 jun 2016 - 19:05

It Frânske enerzjybedriuw Engie sjocht gjin reden om de proefboarrings by Skiermûntseach te skrassen fanwegen de beswieren yn de Twadde Keamer en by de eilânbewenners. Dat meldt de NOS, dy't it bedriuw dêr fragen oer steld hat.

"We zijn deze procedure drie jaar geleden begonnen en vinden het belangrijk deze te vervolgen", seit in wurdfierder fan it bedriuw. "Dat betekent dat mensen de komende weken bezwaar kunnen aantekenen, en we wachten de uitkomst daarvan af."

It enerzjybedriuw seit dat se net op de saken foarútrinne wollen. "Het Franse energiebedrijf, dat zelf ook nog niet weet of de hoeveelheid gas wel de moeite waard is, houdt de discussie in Nederland scherp in de gaten", sa skriuwt de NOS.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)