Omnyferiening SF Deinum offisjeel úteinset

30 jun 2016 - 18:59
  • It tenu fan SF Deinum

De fjouwer sportferieningen fan Deinum binne tongersdeitemiddei offisjeel opgien yn in omnyferiening. De 400 leden fan fuotbalferiening Sparta '59, kuorbalferiening TDK, keatsferiening DTD en gymnastykferiening Sport & Spel gean fierder ûnder de namme SF Deinum.

De sportklups hawwe goed twa jier praat oer de fúzje. Tongersdei kamen notaris, bestjoersleden en sporters byinoar foar it offisjele tekenmomint. De fúzje betsjut ek ien tenu foar alle sporters.

Nij sportkompleks

Op dit stuit wurdt der boppedat ek wurke oan de bou fan in modern en duorsum sportkompleks dêr't aanst alle sporters teplak kinne. Neist fuotbal, kuorbal, keatsen en gymnastyk kin der aanst ek follyballe wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)