Frysk Jeugd Orkest spilet twadde konsert yn reinich Lauswolt

It twadde konsert fan it Frysk jeugdorkest ferrûn ûnder wiete omstannichheden © Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
Under flink wiete omstannichheden is tongersdeitemiddei it twadde konsert hâlden fan it Frysk Jeugd Orkest yn de tún fan Lauswolt. It reinde ferskate kearen wylst de muzikanten spilen. Mar it publyk, dat bestie út sa'n 400 bern út groep 8 fan ferskate skoallen, joech gjin krimp.
It programma wie ferdield yn twa parten mei earst in goed healoere klassike muzyk folge troch lichte muzyk mei as gast de sjongeres Elske de Walle. De bern fûnen it oer it algemien moai en namen de rein op de keap ta.
Tradysje
It is de bedoeling dat it jongerenkonsert krekt as it simmerkonsert fan it Noord Nederlands Orkest in tradysje wurdt. It NNO spilet snein. Dat konsert is te folgjen by Omrop Fryslân fia de radio en ynternet.