Man sûnder rydbewiis pakt by Wergea, auto yn beslach naam

© ANP
De plysje hat tongersdeitemiddei de auto yn beslach naam fan in 42-jierrige man út de gemeente Achtkarspelen. Aginten holden him op de Mardyk yn Wergea oan om't se fermoeden dat er gjin rydbewiis by him hie. Dat blykte yndie it gefal te wêzen.
Om't it al de tredde kear wie dat de man sûnder rydbewiis efter it stjoer stapte, is syn auto yn beslach naam. Ek is proses-ferbaal tsjin him opmakke.