Ekstra trainingen foar F16-piloaten dy't IS bestriden hawwe

De fleanbasis yn Ljouwert sil him de kommende tiid bot fokusje op it trainen fan it personiel dat de ôfrûne tiid terreurgroep IS bestriden hat. Dat seit kommandant Denny Traas fan fleanbasis yn Ljouwert. Troch dizze en oare missy's binne de minsken iensidich ynset en dêrom is training no nedich.
Tongersdeitemiddei binne de F16's dy't hast twa jier yn Jordanië stasjonearre wienen weromkaam nei Nederlân. Dy hawwe dêr meiflein yn de striid tsjin terreurgroep IS. Dêrby waarden missy's útfierd boppe Irak en Noard-Syrië.
Nederlânske ynset effektyf
In ynset dy't bot effektyf west hat, seit basiskommandant Denny Traas. "IS is een lastig te bestrijden terreurgroep. Toch is het mede door de inzet van Nederland gelukt 25.000 vierkante kilometer terrein te winnen in Irak en 9.000 vierkante kilometer in Syrië. Dat is respectievelijk 40 en 25 procent winst op bezet gebied." Op dit stuit traint it fleanbasispersoniel foar de folgjende missy. Begjin takom jier helpt Nederlân de Baltyske steaten mei loftferdigening.