"Nije keatsregels om mear publyk te lûken"

30 jun 2016 - 17:22

Der komt hieltyd minder publyk by it keatsen. Sels foar de wichtichste keatswedstriid de PC yn Frjentsjer is dit jier yn de foarferkeap folle minder belangstelling. Hoewol't de kaarten foar de 1.500 kúpstuoltsjes al wol útferkocht binne, hâldt de organisaasje der rekken mei dat der úteinlik hûnderten kaarten minder ferkocht wurde sille. Om lege tribunes yn de takomst foar te kommen, liet PC-foarsitter Johannes Westra oan Omrop Fryslân witte dat takommend jier dêrom mooglik alle fjouwer tribunes op it Sjûkelân mei kúpstuoltsjes ynrjochte wurde.

Nij spulregels

Kritikasters tinke dat de keatssport lykwols net holpen wurdt mei dizze lúkse sitplakken. Neffens harren leit de oarsaak by it nivo fan de keatsers. Sa soe it kwaliteitsferskil tusken de partoeren te grut wêze en binne der tefolle deade mominten yn it keatsspul sels. Foarsitter Wigle Sinnema fan it keatsbûn KNKB kundige yn it programma Weistra op wei oan dat nije spulregels trochfierd wurde sille. Sa tinkt Sinnema dat in ferbod op 'in boppeslach yn ien kear' it keatsen wer oantrekliker meitsje sil. It tal slachwikselingen op it fjild, de saneamde trik-traks, soene dêrtroch wer tanimme.

"Ranking-systeem ôfskaffe"

Neffens keatskenner Jan Braaksma sil dat lykwols neat úthelje. Hy wol it ranking-systeem ôfskaffe, it yndielen fan de partoeren oan de hân fan eardere prestaasjes. Braaksma tinkt dat in wedstriidlist troch 'lotsjen' de PC oer de hiele dei hinne wer folle spannender wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)