Jouster Merke fiert dit jier it 550e jubileum

30 jun 2016 - 16:23
  • Midstrjitte De Jouwer

De Jouster Merke fiert dit jier syn 550e jubileum. De Jouwer krige yn it jier 1466 it rjocht om in wykmerk te hâlden. Sûnt dy tiid hat der altiten in merk west op De Jouwer. Dêrmei is it de langstrinnende jiermerk fan Fryslân, en neffens de organisaasje ek fan de hiele wrâld.

De Jouster Merke is dit jier fan 22 oant en mei 26 septimber en der binne spesjale jubileumaktiviteiten. Sa is der in brunch oan lange tafels mei romte foar 1.500 minsken. Ek is der in nostalgyske merke, mei in âld reuzerêd en âlderwetske loftskommels.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)