Boer Bartele Holtrop wint ynnovaasjepriis SNN

Boer Bartele en syn frou Rianne Holtrop út Rotstergaast ha de ynnovaasjepriis fan it Noarden wûn. Mei harren melkfeebedriuw wolle se de bisten weromsette yn de kringloop. Sa rinne der bygelyks piken efter de kij oan yn it lân, sadat se de ynsekten wer út de stront fan de kij helje kinne. Ek kieze Bart en Rianne foar Jersey kij, dy't geskikt binne foar weidzjen yn it lân, dêr't de kij ek molken wurden.
De ynnovaasjepriis fan it Samenwerkingsverband Noord-Nederland giet nei it meast ynnovative bedriuw fan it Noarden.
Oan de priis is in bedrach fan 3000 euro keppele en boppedat krijt de winner stipe om it ynnovative idee fierder út te wurkjen.