Boeren moatte kij fuortdwaan troch fosfaatoerskot

30 jun 2016 - 13:47
  • Kij op stâl
  • Atje en Germ Tjalma ut Suwâld

Nederlân produsearret mear fosfaat út stront fan bisten as tastien. Dat komt benammen troch de groei fan de melkfeehâlderij troch it ôfskaffen fan it molkkwotum, stelt it Centraal Bureau voor de Statistiek. It te grutte dongerskot kin grutte gefolgen hawwe foar de boeren.

Sy moatte mooglik fee fuortdwaan, wylst de measte boeren de lêste jierren it tal kij útwreide hat fanwege de ôfskaffing fan dat molkkwotum. It binne dan ek ûnwisse tiden foar in soad boeren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)