Ljouwerter oanhâlden foar stekpartij yn Delfsyl

© Omrop Fryslân, Aise van Beets
In 26-jierrige Ljouwerter is woansdeitenacht yn Delfsyl oanhâlden. De man wurdt derfan fertocht dat hy in man út dat plak delstutsen hat. De twa kenne elkoar, it slachtoffer wie koart foar it ynsidint noch tusken de fertochte en in oare man yn stean gien om te bemiddeljen by in rúzje.
Letter yn de nacht stuts de fertochte it slachtoffer sûnder oanlieding mei in mes, hy is mei ferwûnings per ambulânse nei it sikehús brocht. De plysje ûndersiket de saak.