Ynbrekkers oppakt op de A7 by Aldehaske

30 jun 2016 - 12:29

De plysje hat woansdei op de A7 by Aldehaske twa minsken oppakt foar in wenningynbraak oan de Oanemawei yn Terkaple. It giet om in man fan 41 jier út Didam en in 48-jierrige man fan Doetinchem. De bewenster betrape earst ien dieder yn de bykeuken en even letter de twadde yn it kantoar fan de wenning. Beide manlju naaiden út.

De bewenster warskôge de plysje en dy koe de fertochten op de sneldyk oanhâlde. Harren auto is yn beslach naam en beide manlju sitte fêst. It is net bekend oft se úteinlik ek wat meinommen hawwe út it hús yn Terkaple.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)