Natuer en rekreaasje op baggerdepot Trijehûs

30 jun 2016 - 11:15
  • It baggerdepot op Trijehûs wurdt natoer- en rekreaasjegebiet

It baggerdepot op it eilantsje Trijehûs by Grou is omfoarme ta natuer- en rekreaasjegebiet en wurdt fan 'e middei offisjeel iepene. It eilân waard yn de perioade tusken 2006 en 2011 brûkt as stoartplak foar bagger út de Fryske kanalen en sleatten.

Yn 2011 wie it depot fol en hat de provinsje mei de omwenners, It Fryske Gea, De Marrekrite, de gemeente Boarnsterhim en it Wetterskip in plan makke om it depot in nije bestimming te jaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)