Natuermuseum krijt jild foar 'Friesland Onder Water' 3.0
It Natuermuseum Fryslân krijt 3,5 ton subsydzje fan de provinsje foar Friesland Onder Water 3.0. Yn Friesland Onder Water wurdt in byld jûn fan wat him ûnder de wetterspegel ôfspilet yn ús provinsje. Mei it jild fan de provinsje kin de presintaasje in nije opset krije en útwreide wurde.
De earste fersy fan Friesland Onder Water waard yn 1993 realisearre en soarge yn it iepeningsjier foar in rekôroantal besikers. Nei de grutte ferbou fan 2005 wie de twadde fersy fan de presintaasje klear. No kin de tredde edysje realisearre wurde.