Jelmer Mulder is de nije gemeentesiktaris fan Smellingerlân

30 jun 2016 - 10:51
  • It gemeentehûs fan Smellingerlân

De 56-jierrige Jelmer Mulder is de nije gemeentesiktaris fan de gemeente Smellingerlân. Sûnt 2010 hie hy dy funksje by de gemeente Appingedam. Mulder sil ûnder oare oan de slach mei in fernijingsslach binnen de gemeente, om klear te wêzen op de takomst.

De gemeente Smellingerlân is al in skoft oan de gong om de sfear op it gemeentehûs yn Drachten te ferbetterjen, neidat twa jier lyn in groep amtners melding makke fan yntimidaasje op de wurkflier. Ut ûndersyk die dêrnei ek bliken dat amtners ûntefreden wiene oer guon liedingjaanden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)