Kollum: "Pinexit"

30 jun 2016 - 08:39
  • De Toan fan Ferdinand de Jong

Ferdinand de Jong wennet yn Boarnburgum en is skriuwer. Hy publisearre oant no ta fiif romans: Guozzeflecht (2010), It dak fan de wrâld (2011), De lêste trúk (2012), Bedoarne hannel (2014) en De Nova Scotia staazje (2015). Dêrneist skriuwt De Jong kollums foar it Frysk literêr tydskrift Ensafh en foar de webside fan UNIS Flyers. Foar it hûs-oan-hûsblêd Corner fan SC Hearrenfean skriuwt er kollums en sjoernalistike artikels . Ferdinand is te folgjen op Twitter.

‘Is pinhokje gjin Frysk wurd?’ frege myn dochter. Dat like my frjemd, want pinhokje is dochs wol algemien yn gebrûk as plak dêr’t in flappetaper yn in oerkape romte pleatst is. Pinhokje. Krekt sa’n wurd as in bushokje. Ik waard nijsgjirrich en krûpte efter myn kompjûter. Taalweb der even by socht en pinhokje yntypt. Taalweb.frl is in website dêr’t je wurden sykje kinne en teksten oersette fan it Nederlânsk yn it Frysk of oarsom. Klear, ik tikje pinhokje en druk op enter. Neat fûn. Dat is dochs nuver. Even neitinke, eh... yn sa’n pinhokje hinget in pinautomaat. Dat wurd stiet wol yn de foarkarwurdlist. No komme wy mei it Frysk wol faker wat achterop, dus de Nederlânske wurdlist der ek mar even op neisjoen. Pinhokje komt ek net foar yn de foarkarwurdlist dy’t goedkard is troch de Taaluny. Pinautomaathokje dan mar ris besykje. Dat is dochs de folsleine beskriuwing fan de situaasje. Gjin resultaten. It is in eigenaardich ferhaal, want as je pinhokje op google yntoetse komme der samar siden fol resultaten op jo skerm. It wurd wurdt dus wol brûkt. It hokje ek, sa is op Dumpert.nl te sjen, want minsken brûke it pinhokje ek om de leafde te bedriuwen en om yn te sliepen. Lestich as je yn de rige stean om jild te pinnen, liket my. Mar no even nei de taal sjen. Pinhokje dekt de lading. It is in hokje dêr’t je pinne. Der liket my gjin inkele beheining om it daliks yn de Fryske en Nederlânske wurdlisten op te nimmen. "

Dit yn tsjinstelling ta bushokje. Want dat stiet dus wol yn de foarkarwurdlisten fan sawol de Fryske as Nederlânske taal. Mar dat wurd bushokje doocht fan gjin kant. Wat dogge jo yn sa’n hokje dan? Busse? Dat is net iens in wurkwurd. It is in wachthokje dêr’t jo op de bus wachtsje. Hielendal gjin bushokje. Ik ha noch nea in bus yn in bushokje sjoen. Grut ûnrjocht dat bushokje wol yn it wurdboek stiet en pinhokje net. It tryste is dat it pinhokje noch foardat it ea as akseptearre wurd opnaam wurde sil, syn tiid alwer hân hat. It bushokje sil it pinhokje wol oerlibje, tink ik. Kontant jild is oer tsien jier net mear nedich. Alles sil fia digitale betellerij regele wurde. Der binne skoallen dy’t der by de bern op oantrune dat se it sop en it broadsje yn it skoft betelje mei de skoalpas, om foar te wêzen dat der mei kontant jild omgriemd wurde moat. Pinautomaten sile út it stjittebyld ferdwine, krekt as de hokjes dêr’t se yn sitte. PINEXIT sis mar. Hoe slim is soks? Ik wit it net. Wy binne grutbrocht mei kontant jild en doe’t de pinnerij krekt yntrodusearre waard wienen je der earst mar wat erchtinkend foar. No net mear, ik betelje sels mei myn mobile Samsung telefoan as dat sa útkomt. En earlik sein ha ik nea wat oan dy Wim Duisenberg Eurobryfkes fûn, jim wol? It liket op monopolyjild.

We libje yn turbulinte tiden. Bushokjes dy’t bliuwe, pinhokjes dy’t yn de folksmûle wol sa hjitte mar eins net offisjeel besteane, Lionel Messi dy’t net mear foar Argentinië spylje wol, Skotten dy’t wol teamspilers blike te wêzen, Grinzers dy’t net fia in referindum útfine wolle dat Nederlân hiel graach by de EU bliuwe wol en der skynt ek noch in nije miny iistiid oan te kommen omdat de sinne it wat ôfwitte lit. Ja, echt wier, dat stie op ynternet, dus dan is it sa. Der stiet in hiele soad op ynternet. Sa kaam ik in foto tsjin mei Geert Wilders, Boris Johnson en Donald Trump der op. Der stie ûnder: Overmatig gebruik van waterstofperoxide kan tot ernstige hersenbeschadiging leiden. No wit ik net of dat sa is, mar ien fan dizze trije hearen hat al oprêden om in hiel lân yn ûnstjoer krigen. Hooplik lit it Nederlânske en Amerikaanske elektoraat it safier net komme. It is al slim genôch dat pinhokje net as wurd bestiet, mar werom nei de tiid foar de Benelux is noch folle minder.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)