Offaloven wekt foar nochris 10.000 húshâldens stroom op

29 jun 2016 - 21:52
  • De ôffaloven REC yn Harns

Offaloven REC yn Harns bout op dit stuit oan in stoomturbine dy't fan 't hjerst oansletten wurdt op it elektrisiteitsnet by Hjelbeam. Der stiet al in stoomturbine dy't oan sa'n 40.000 húshâldings elektrisiteit jout. Mei de hjerst, as de wurksumheden klear binne, moat de twadde turbine oan nochris 10.000 húshâldings enerzjy jaan.

De nije turbine is twintich meter heech en 10 by 20 meter yn de omfang. Hy kriget in plak yn it besteande gebou fan de REC en is nedich om't de al besteande turbine maksimaal brûkt wurdt.

De stoom dy't by it ferbaarnen fan ôffal frijkomt, driuwt in dynamo oan dy't elektrisiteit opwekt. Troch de oanskaf fan in twadde turbine giet it enerzjyrendemint omheech fan 65 nei 70 prosint.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)