Gjin kúpstuoltsje mear te krijen op de PC

29 jun 2016 - 21:02

Alle 1500 PC-kaarten foar de twa tribunes mei kúpstuoltsjes binne yn de foarferkeap útferkocht. It PC-bestjoer hat dêrom plannen om takom jier alle fjouwer tribunes op it Sjûkelân yn Frjentsjer yn te rjochtsjen mei sokke stuoltsjes.

Ferline jier sette de organisaasje útein mei in proef mei 900 stuoltsjes mei in rêchleuning. Dat foldie sa goed, dat der dit jier goed 1500 kúpstuoltsjes beskikber binne.

Neffens PC-foarsitter Johannes Westra freget dizze moderne tiid om modern meubilêr. "Minsken hawwe it tsjintwurdich allegearre drok en wolle net mear in hiele dei op in houten bankje of stoel sûnder komfort sitte."

De kûpstuollen nimme wol fjouwer kear safolle romte yn as in normaal sitplak. "Mar út de sifers blykt dat der de lêste jierren ek minder minsken op de PC ôfkomme en jo wolle fansels ek gjin lege tribunes hawwe." Minsken dy't noch kaarten hawwe wolle foar de PC op 3 augustus kinne dy online oanskaffe of by it Keatsmuseum yn Frjentsjer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)