Daniël Zuiderveld oandien troch oanslach Istanbûl

Fries om utens Daniël Zuiderveld út Barcelona wenne fjouwer jier yn Istanbûl. Hy is bot oandien troch de oanslach op it fleanfjild. It is ferskriklik, seit er. De lêste jierren seach Zuiderveld hieltyd mear plysje op strjitte. As er fuortgie, moast er oppasse dat er gjin plysje tsjinkaam dy't achter demonstranten oan siet. In kear siet er op in terras, doe't in helikopter oerkaam dy't mei triengasbommen smiet.
Neffens Zuiderveld binne der trije redenen om net mear yn Istanbûl te wenjen: Erdogan, IS en de PKK.