Kommissaris Jorritsma: "Ik haw in prachtige acht jier hân"

29 jun 2016 - 19:57
  • Steatelid Wim Eilering betanket Jorritsma nei ôfrin fan de lêste gearkomste fan provinsjale steaten

"Ik haw in prachtige acht jier hân". It ôfskied is net sûnder emoasje." Dat sei kommissaris fan de Kening John Jorritsma woansdei by syn ôfskied fan provinsjale steaten. Jorritsma fûn de steaten wolris wat langtriedderich, omdat elk hieltyd wer syn eigen punt meitsje wol. Dêrom moast er de steateleden der soms wolris op wize by de haadlinen te bliuwen.

Jorritsma giet no op fakânsje. Op 7 septimber is it echte ôfskied fan de kollega's. In dei letter kin de Fryske befolking him foar de lêste kear de hân drukke yn De Harmonie yn Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)