"Net mear boarje yn Waadsee, wol skean derûnder"

29 jun 2016 - 17:21

In mearderheid yn de Twadde Keamer wol gjin gasboarringen mear tastean yn de Waadsee, de Waadeilannen en de natuer dêromhinne. Dat die woansdei bliken by it debat oer de nije mynbouwet.

De Twadde Keamer wol de wet sa feroarje dat gasboarringen by Skiermûntseach en Skylge ûnmooglik wurde, ûnder oare troch better te sjen nei de mooglike gefolgen foar minsk, natuer en miljeu. Dat betsjut lykwols net dat de gasboarringen hielendal fan de baan binne. Want boarje fan de râne fan in natuergebiet bliuwt mooglik, seit PvdA-Twadde Keamerlid Jan Vos.

De eilanners binne net alhiel gerêst op de útkomst fan dizze dei. Mei skean boarjen kin der ek gas wûn wurde ûnder de eilannen. It gasfjild ûnder Skylge is mar lyts en it gas is fan in lege kaloaryske wearde. Wat is dan it nut fan de winning, seit wethâlder Hendrik van der Wielen fan Skylge. Arjen Kok, sekretaris Nasjonaal Park Skiermûntseach freget him ôf hoe't de minister it ferkeapje kin: gas winne yn in natuergebiet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)