Bern dogge audysje foar dokumintêre oer eigen libben

Fyftich Ljouwerter skoalbern meitsje kâns op in dokumintêre oer harren libben. It filmprojekt Look@Me is woansdei úteinset. It jout bern en jongerein fan 11 oant 16 jier de kâns harren libbensferhaal filmje te litten troch in profesjonele filmcrew.
De earste twa skoallen dy't meidogge oan it projekt binne IBS De Eestroom en  IBS Oud Oost.
Yn poppoadium/kultureel sintrum Neushoorn yn Ljouwert krigen de bern de kâns harren libbensferhaal op te skriuwen en koene se in screentest dwaan. Per skoalle wurde twa ferhalen útkeazen om ferfilme te wurden. Der komt ek in spesjaal lesprogramma foar de skoallen.
It projekt is organisearre yn opdracht fan Kulturele Haadstêd troch Kunstkade. Se wurkje gear mei Film in Friesland, D'Drive en de IKON/EO. Itselde projekt wurdt ek anbean oan bern yn Aarhus yn Denemarken en op Malta yn Valletta. Beide stêden binne ek takomstige kulturele haadstêden. De films dy't yn Ljouwert makke wurde, sille ek te sjen wêzen yn dy stêden.
Fan 't hjerst sille de dokumintêres te sjen wêze op it Noardlik Film Festival yn Ljouwert.