DS kieze foar wynenerzjyplan Hiddum-Houw

© Janny Dijkstra
Deputearre steaten fan Fryslân gean foar it plan fan Nuon en lokale partners om by Hiddum-Houw by de kop fan de Ofslútdyk 36 megawatt wynenerzjy op te wekken.
It plan falt binnen de betingsten dy't provinsjale steaten yn desimber 2014 fêststeld hawwe. It inisjatyf sil liede ta ferfanging fan âlde mûnen en it pleatsen fan nije. Dêrtroch ûntstiet yn de omjouwing in rêstiger byld.
It plan fan "Mei-inoar foar de Wyn" krijt gjin mearderheid. Dêr giet it om seis mûnen dy't elts 3 megawatt oan enerzjy opleverje, mei-inoar dus 18 megawatt. Dat is mar de helte wat nedich is, seit deputearre Klaas Kielstra. Dêrrnjonken soarget it plan fan "Mei-inoar foar de Wyn" foar ferrommeling, en dat is net de bedoeling.
De aksjegroep "Handen af van de Pingjumer Gulden Halsband" protestearret tsjin beide wynmûneparken. De Gouden Halsbân is ien fan de âldste ringdiken fan Fryslân. De akjsegroep is benaud dat de mûnen te ticht by de histoaryske dyk komme.