"Previntive bloeddrukmjitting net altyd ôfdwaand"

It is noch mar de fraach oft it idee foar in preventive bloeddrukmjitting goed útfierber is. Dat seit kardiolooch Suzanna de Vries fan it sikehûs op It Hearrenfean, yn reaksje op in plan fan trije ynternisten en in húsdokter. Yn it tiidskrift Medisch Contact pleitsje dy foar sa'n preventive bloeddrukmjitting foar eltsenien fan 20 jier en âlder. Dat soe soargje foar 10 persint minder hert- en faatsykten en in besparring fan miljarden euro's.
Yn de praktyk is sa'n bloeddrukmjitting foar safolle minsken dreech te regeljen, tinkt De Vries.