Proef mei sike kastanjebeammen op It Bilt

Omdat alle 212 kastanjebeammen yn de gemeente It Bilt siik binne, is begûn mei de bestriding fan de baktearje dy't de saneamde kastanjebliedingssykte feroarsaket. It giet om in proef mei 46 byldbepalende kastanjebeammen. Se krije it middel allicine ynspuite, in substânsje dy't ek yn knyflok (knoflook) foarkomt.
It eksperimint hat in wittenskiplike oanpak. Twa jier lang wurde de ferbetterings beoardield. De earste befinings binne posityf. Stichting Iepenwacht Fryslân sjocht mei, om't de metoade miskien foar oare beammesyktes ek wurket.