'Mûntsen' fiere aksje yn Den Haag tsjin gaswinning by Skier

In bysûnder taferiel yn Den Haag. Dêr fierden mûntsen aksje tsjin gasboarrings by Skiermûntseach. Yn de hofstêd wurdt op it stuit debatearre oer de mynbouwetjouwing. Dêrby komme ûnder oare ek de plannen foar gaswinning by de Fryske Waadeilannen oan bar. De aksjefierders fan Skier binne ferklaaid as mûntsen en se krije stipe fan de Skylgers. Want ek minsken fan Gas(t)vrij Terschelling binne nei it Binnenhof ta kaam.
Neffens GrienLinks is it heech tiid om de oalje- en gaswinning ôf te bouwen. De partij wol dat dêr in plan foar makke wurdt. De SP easket dat der by Toppenhuzen in nulmjitting útfierd wurdt, omdat skea troch gaswinning dan makliker te bewizen is. De sosjalisten wolle perfoarst net der by de Waadeilannen gas wûn wurdt.
"Gjin nije boarlokaasjes"
Ek de ChristenUnie is dúdlik tsjin. Der moatte gjin nije lokaasjes komme foar proefboarringen nei gas of oalje, wêr dan ek, sa seit it Twadde Keamerlid fan de CU Carla Dik-Faber. Sy wol ek dat de omkearde bewiislêst net allinnich foar Grinslân jilde moat, mar ek foar Fryslân en alle oare winplakken.
Neffens D66 moat der by it ferlienen fan boarfergunningen net allinnich sjoen wurde nei de feiligens, mar ek nei de gefolgen foar natuer en miljeu. It D66-Keamerlid Stientje van Veldhoven hat in moasje yntsjinne tsjin gaswinning yn de Waadsee. "Gaswinning yn in gebiet dat Unesco-wrâlderfguod is, kin echt net", sa seit Veldhoven.