UPDATE: Personiel Caparis begjint hantekenaksje

It personiel fan Caparis is begûn mei in hantekenaksje, omdat se skjin harren nocht hawwe fan de konflikten. Se freegje de wethâlders fan de gemeenten om in nije ried fan kommissarissen te beneamen, in ûnôfhinklik ûndersyk te starten en de rjochtsaken tsjin de twa direkteuren Sinnema en Weisenbach yn te lûken. Ek wolle de wurknimmers dat de kandidaat foar de ûndernimmingsried, Pieter de Kroon, yn de ried fan kommissarissen komt.
De nije ynterim-direkteur Peter Lincklaen Arriëns sil woansdei begjinne, mar de ûndernimmingsried riedt him oan net te kommen. De ried seit dat se net ynstean kin foar de reaksjes fan it personiel. It personiel is fan doel de tagong te wegerjen oan de nije direkteur. De ûndernimmingsried sil in juridyske proseduere opstarte om advysrjocht oer in nije ynterim-direkteur ôf te twingen.
Spanning rint op
De konflikten en spanning rinne hieltyd heger op by sosjale wurkfoarsjenning Caparis. Twa fan de acht gemeenten hawwe tiisdei it fertrouwen opsein yn de ried fan kommissarissen. Hearrenfean en Smellingerlân sjogge gjin mooglikheid mear dat de ried ûnder foarsitterskip fan Robert Veenstra de karre noch flot lûke kin nei alle perikels by it bedriuw.
Dyselde ried fan kommissarissen hat tiisdeitenacht in mail oan it personiel en de ûndernimmingsried stjoerd dat woansdei de nije ynterim-direkteur, Peter Lincklaen Arriëns oan syn wurk begjint wylst de ûndernimmingsried dêr in advysrjocht oer hawwe wol.
Brief Siem Jansen
Yntusken hat lid fan de ried fan kommissarissen Siem Jansen ek in brief stjoerd oan alle fraksjes yn de acht gemeenten. Hy hat syn nocht fan de iepenlike oanfallen op de ried fan kommissarissen. Hy seit dat tafersjochhâlders kwetsber binne omdat se 'bobo' binne en allinnich dêrom al fertocht. Ek seit er dat de ûndernimmingsried ûnsoarchfâldich en op guon punten ûnfatsoenlik hannele hat.
Bot rekke
Siem Jansen is bot rekke troch it opsizzen fan it betrouwen fan de gemeenten Hearrenfean en Smellingerlân. De twa gemeenten pleitsje derfoar dat de rfk opstapt omdat der gjin draachflak mear is yn it bedriuw foar de besluten fan de ried. Jansen seit dat it in klap yn it gesicht is fan him en fan twa oare leden fan de rfk, foarsitter Robert Veenstra en Hugo van Woerden.
"Ynterim is wol oan it wurk gien"
Neffens Jansen is de nije ynterim direkteur woansdei wol oan it wurk gien. Yn Drachten soe it personiel dat tsjinhâlde. Mar Peter Lincklaen Arriens is nei alle gedachten yn ien fan de oare festigings oan it wurk gien, Ljouwert of  It Hearrenfean.
"Seis fan de acht stean noch wol achter rfk"
Neffens Siem Jansen stean seis  fan de acht gemeenten noch altyd achter de ried fan kommissarissen.
Tryst
Jansen neamt de gong fan saken 'tryst'. Hy seit dat de nije ynterimmer in man is dy't faker mei sokke drege situaasjes yn bedriuwen wurke hat en de júste man op it júste plak is. Neffens him hawwe  se kear kontrolearre oft de rfk yn dizze sitewaasje in bestjoerder oannimme kin. De ûndernimmingsried hat in koart pleit oankondige tsjin de beneaming. "Ik kan het ook niet helpen", sa is de reaksje fan Jansen.