Hearrenfean wreidet stadion út

26 apr 2012 - 17:05

SC Hearrenfean wol it Abe Lenstra stadion útwreidzje mei 1000 plakken. Troch it goede seizoen en it oanlûken fan Marco van Basten as nije trainer, is der grutte belangstelling foar seizoenkaarten. Dêrom hat de direksje besletten om de kapasiteit fan it stadion út te wreidzjen.

It is de bedoeling om fan 't simmer de easttribune troch te lûken oant it fjild ta. Dêrtroch is der romte foar tûzen ekstra sitplakken. Op dit stuit kinne der 26.100 taskôgers yn it Abe Lenstra stadion.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)