Farre mei in rûnfeartboat kin no ek yn Snits

Kuiertochten troch de stêd hie Snits al en in buske dat toeristen it sintrum sjen lit ek. Fan woansdei ôf krijt Snits der noch in attraksje by, nammentlik in rûnfeartboat. In âld beurtskip is yn 2013 troch de inisjatyfnimmer Machiel Dijkstra fan Veilinghuis Ald Fryslân oanskaft en folslein opknapt. Dat barde by skipswerf Ten Woude yn Drylts.
Boargemaster Hayo Apotheker ferrjochte woansdeitemoarn de iepeningshanneling. De thúshaven foar it skip is de Westersingel, krekt foar it Theater Sneek.
It is foar Snits net in ferrassing dat keazen is foar in beurtskip, rûn 1900 leien de grêften dêr fol mei beurtskippen. It skip is 12 meter lang en leit djip yn it wetter sadat er ûnder hast alle brêgen troch kin. Kaartsjes foar de tochten troch de binnenstêd mei de 'Ald Fryslân' binne te krijen by it VVV yn Snits.