Jorritsma sit foar lêste kear by provinsjale steaten

29 jun 2016 - 11:14
  • John Jorritsma

Kommissaris fan de Kening John Jorritsma sit woansdei foar it lêst de gearkomste fan provinsjale steaten foar. Jorritsma neamt it sels in bysûndere dei. Lykas bekend, wurdt Jorritsma mei yngong fan septimber de nije boargemaster fan Eindhoven.

Begjin septimber nimt er noch wol ôfskied fan de steaten. Jorritsma hat sûnt 2008 kommissaris yn Fryslân west. Tagelyk mei de lêste kear foar Jorritsma, makket Gerben Huisman syn debút as griffier.

Huisman wie de lêste gearkomsten fan provinsjale steaten al ynterim-griffier, mar wurdt woansdei offisjeel beëdige. De steaten prate woansdei ûnder mear oer fluch ynternet yn Fryslân en de beoardieling fan plannen foar wynenerzjy op de kop fan de Ofslútdyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)