"Pleatsing brêge Alphen aan den Rijn koe nea goed ôfrinne"

Kraanûngelok Alphen aan de Rijn © ANP
It pleatsen fan de brêge yn Alphen aan den Rijn ferline jier augustus hie nea goed ôfrinne kind. Dy konklúzje lûkt de Onderzoeksraad voor de Veiligheid (OVV) yn it ûndersyksrapport oer it kraanûngelok. De brêge dy't delfalle wie fan stielboubedriuw BSB út Burgum.
De kranen dy't op de pontons stiene, foelen om by it dellizzen fan it ryddek. It ûngelok soarge foar in ravaazje yn it sintrum fan Alphen. In tal wenningen oan de kant fan de Oude Rijn waard ferplettere.
Troch it ûngelok binne achttjin wenningen sa swier skansearre dat se ûnbewenber binne. "De voorbereiding op het plaatsen van het nieuwe brugdek schoot ernstig tekort", sa seit de OVV.
"Wurk ûnderskat"
Neffens de ûndersyksried hawwe de útfierende bedriuwen de kompleksiteit fan de wurksumheden ûnderskat, en hat gjin inkelde partij realisearre dat it omheech tillen fan it brêgepart risiko's hie foar de omjouwing.
Ut it ûndersyk wurdt dúdlik dat de opstelling al by it begjin fan de wurksumheden in te lege stabiliteit hie. Doe't by it tillen ien fan de pontons swier oerhelle, joech de lytste kraan belies ûnder it gewicht en luts hjirop de folsleine opstelling mei yn de fal.