Kollum: "Te hastich"

29 jun 2016 - 08:58

Eelke Lok fan De Gaastmar wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oare bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op telefyzje. Al jierren fersoarget er kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is. Al syn kollums binne te finen op syn side eelkesweblok.nl.

"Ik fyn dat we der wat te hastich oerhinne stapt binne. Oer dat de measte Friezen graach in referindum oer Nexit ha wolle. Jonges, we bin fierstente te maklik hear. Earst al mei dat Oekraïne-referindum. Wês earlik, jim ha doe allegear tocht: ach lit mar; der stimme genôch minsken tsjin; wat ynteressearret it ús eins ek; ik ha’t net oan tiid. Boem. Nederlân sit no yn in ûnhâldbere diskusje. Wat moat je mei in lân wat tsjin Oekraïne stimt en at dan de minister-president ropt dat soks net kin. Bananerepublykje. Donderje dat Europa gau út.

Se waarden rêden troch de diskusje yn Ingelân. Dy woenen der ek wol út. Dienen in ûnfoarsichtich referindum. En wy tochten wer: ach dat rint wol los; dy Ingelsen bin gjin idioaten. Dat bin se wol. En no sitte we der mei. Of eins net mear der mei, mar der sûnder. Twa wiken letter en Joey van den Berg hie net iens mear nei Ingelân ta kinnen en wa hie him dan noch ha wollen.

Nexit. Ik wit wol, it wie inkeld mar in enkête fan Eén Vandaag. Mar likegoed, sa is dat oare ek allegear begûn. Media meitsje tsjintwurdich inkeld mar lûd oer tsjinlûden. En at je genôch tsjinlûden heare litte dan fine hieltyd mear minsken dat it korps dêr’t se efteroan rinne wolle. Fansels, ik kin it ek net begripe dat de mearderheid fan de Friezen sa’n referindum ha wol, mar ik jou ek te min it oare lûd blykber.

En no kin je út Den Haach wei, lykas Pechtold roppe: dat krije we hjir net. Ik wit it net. Ik wit it net. De measte Grinzers wolle net sa’n referindum. Wy Friezen dus wol. Wêrom. Ik tink dat foar harren Nexit betsjut dat de Friezen út Nederlân wei kinne. No en dêr wol se wol oer stimme. Mar dat hjit Frexit. En dat is inkeld in spultsje foar djipFriezen, dy moatte nedich de greide yn efter firtueel skriktried. Dan bin se fierder net gefaarlik.

Nexit is wol gefaarlik foar Fryslân. Ja, 48 persint wol yn de Europeeske Unie bliuwe, 42 persint wol der út. Stilte. En dy oare tsien persint, wat wol dy? Dy ha we net yn de hân. Stomme oaljefanten, hjir moat fuort wat oan dien wurde.

Rop Jorritsma wer werom. Dy moat alderearst D66-steatelid Marieke Vellinga by it ear pakke, twa kear yn de rûnte draaie en dan rjochting Ingelân kwakke. Dat minsk bestie it om te sizzen: no at Ingelân dan dochs foar ús Europeanen net mear bestiet dan moat wy ús Fryske grûn mar brûke foar Ingelske bedriuwen dy’t dochs yn de Europeeske Unie sitte wolle. Se hie ek noch betingsten, leafst in wettertechnologybedriuw. Se tinkt inkeld yn dingen dy’t we hjir al ha. Hoe is it mooglik dat immen soks sizze kin en dat elkenien net mear docht as de skouders ophelje.

Dat diene wy ek al mei Dantumadiel. En dêr is alles ommers begûn. Dat die al Danexit mei Kollumerlân, Dongeradiel en Ferwerderadiel. Skouderkes: ach, at dy lju dat no wolle. Bêst, mar fertel dy minsken dan goed dúdlik wat se misse aanst at se gewoan Dantumadiel bliuwe. Freegje mar ris nei oan Wilders, dy hat in rapport dêr’t hy net oer praat, mar wêryn stiet dat Nederlân fallyt gean sil as we Nexitstappen sette soenen. No ja, we litte Dantumadiel net swimme om't in pear lju sa oerstjoer dogge. Want sjoch wy bin as Friezen wol mei elkoar he. In bytsje Frexitsk bin we wol.

Wy wienen fan 'e wike in bytsje Yslân. Dêr wennet amper de helte fan de Fryske befolking. Dy’t har yn 2010 melden by de Europeeske Uny. Mar dy’t ferline jier sein ha, dat dogge we dochs mar net. Frij. Wat moai. Wy kin net sûnder it Grinzer gas. Sy ha harsels wer rêden. Se ha fan 'e wike Ingelân ek noch út Europa spile. Doe tocht ik wer werom oan de fuotballers fan De Westereen út de 60-er jierren. Ek sa’n ploech dy’t alles foar elkoar en it resultaat oer hie. Mar Dantumadiel, at De Westereen dan út Frankryk werom kaam wie nei Ingelân wipt te hawwen, hiene se dochs wol graach wollen dat hiel Fryslân har hulde brocht hie."

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
De Toan fan Eelke Lok
(advertinsje)
(advertinsje)