Winkels Bart Smit en Toys XL ferdwine, fierder as Intertoys

29 jun 2016 - 06:45
  • Boartersguodwinkel

De winkelketens Bart Smit en Toys XL ferdwine út de winkelstrjitten. Memmebedriuw Blokker Holding wol ta nei ien nije formule ûnder de namme Intertoys. Bart Smit sit yn Drachten, Ljouwert en Snits. Toys XL hat in fêstiging yn Ljouwert.

De gefolgen foar it personiel soene beheind wêze, mar fakbûn CNV hat noch wol fragen oer lokaasjes dêr't beide formules no noch aktyf binne. Yn Fryslân is dat Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)