Twa gemeenten sizze fertrouwen yn rfk Caparis op

28 jun 2016 - 21:46

De gemeenten Hearrenfean en Smellingerlân sizze it fertrouwen op yn de ried fan kommissarissen fan wurkfoarsjenning Caparis. Se ha witte litten dat se de hjoeddeistige situaasje binnen Caparis ûnakseptabel en ûnwurkber fine. Beide oandielhâlders ha der net in soad fertrouwen mear yn dat de ried fan kommissarissen it bedriuw wer yn rêstich farwetter bringe kin. Dat ha se tiisdei op in ekstra fergadering fan de oandielhâlders witte litten. De kommissarissen moatte fierder harren ferantwurdlikheid nimme sjoen alles wat der bard is.

Caparis soe tiid en enerzjy stekke moatte yn de minsken mei in kwetsbere posysje op de arbeidsmerk en dat doel wurdt no mei alle konflikten en rjochtsaken net tsjinne, sa litte beide gemeenten witte. Ek tekenje sy oan dat der by it management en de ûndernimmingsried fan Caparis gjin fertrouwen mear is yn de lieding. Dêrom soe der in ried fan kommissarissen komme moatte mei draachflak yn de organisaasje.

De oare oandielhâlders, seis dielnimmende gemeenten, binne it hjir net mei iens.

Woansdeitejûn komme dochs alle 66 fraksjes fan de acht gemeenten byelkoar mei de wethâlders. Tiisdei waard dizze gearkomste noch ôfsein troch de wethâlders.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)