Flechtlingen moatte gau oan it wurk of oan 'e stúdzje

28 jun 2016 - 20:42

Ljouwert wol flechtlingen dy't yn de gemeente komme te wenjen sa gau mooglik oan in baan of in oplieding helpe. Fan elkenien dy't binnenkomt wurdt derom besjoen wat se foar kwalifikaasjes hawwe. It kin derby gean om wurkûnderfining út it bûtenlân of diploma's.

Mei de skoallen yn Ljouwert wurdt dan besjoen wat der dien wurde moat om de flechtlingen ek oan de Nederlânske easken foldwaan te litten. De gemeente wol dat de flechtlingen op dizze wize de kâns krije om sa gau mooglik in nuttige bydrage te leverjen oan de mienskip.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)