Protte belangstelling foar Steve Jobsskoalle Frjentsjer

28 jun 2016 - 20:26

Der is in soad belangstelling foar de nije Steve Jobsskoalle yn Frjentsjer. De ibs De Steven giet nei de simmer los en no al sit de skoalle oan it maksimum oantal learlingen. Der is yn it earste jier romte foar 100 learlingen en dat oantal is dus al berikt.

It skoalgebou yn it sintrum fan de stêd wurdt op dit stuit noch ferboud, mar dochs waard tiisdei alfêst in iepen dei hâlden. Dêr kamen in soad minsken op ôf. Neist belangstellende âlden en learlingen wiene der ek in soad beurtbewenners dy't efkens del kamen.

De ibs De Steven is de tredde Steve Jobsskoalle fan Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)