Litouske frachtwein nei fiif oeren wer los

28 jun 2016 - 19:48

De sutelwei fan de âlde dyk tusken Marsum en Deinum wie tiisdeitemiddei wat minder goed begeanber. Der kaam in frachtwein mei in sjauffeur út Litouwen fêst te sitten yn de berm. Hy wie ferkeard riden. De bergers wolle him lykwols allinnich helpe as hy 500 euro kontant betellet en dat hat de man net. In boer hat noch besocht de man te helpen, mar der wie gjin beweging yn te krijen.

Nei fiif oeren krige leanbedriuw Hiemstra út Deinum de frachtwein wer op 'e dyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)