Fryslân moat feiliger wurde foar fytsers

28 jun 2016 - 17:34

Sawol it CDA as de PvdA yn de Fryske steaten freegje omtinken foar feiliger fytse yn de provinsje. Op 29 juny prate provinsjale steaten oer in plan om 30 miljoen euro te stekken yn it oplossen fan knyppunten yn it ferkear.

It CDA wol in ûndersyk nei plakken dêr't foaral fytsers yn de problemen komme. De knyppunten dy't dan boppe driuwen komme, moatte dan oanpakt wurde. De PvdA seit hiel konkreet dat yn fjouwer jier tiid alle ûnfeilige oerstekplakken oplost wurde moatte. Net allinnich foar fytsers, mar ek foar fuotgongers en skoalgeande bern.

Dêrfoar is der neffens de sosjaal demokraten foaral oerlis nedich mei omwenners. Sa as de provinsjale plannen der no hinne lizze, bliuwe der seker tsien tige ûnfeilige ferkearssituaasjes bestean en dat moat oars, fynt de PvdA.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)