Unfrede yn Partij van de Arbeid

28 jun 2016 - 17:09
  • PvdA

It bliuwt rommeljen by de Partij van de Arbeid. Moandei skreaunen 30 Fryske PvdA'ers mei krityk op de partijlieding in ynstjoerde brief yn de Ljouwerter Krante. En tiisdei roppe de partijleden Esther van Dijken en Chris van Beek út Fryslân en Grinslân op ta in ekstra kongres oer it bernepardon.

Yn de Twadde Keamer negearde tiisdeitemiddei de folsleine opposysje in PvdA-moasje hjiroer. De partij giet net fier genôch, neffens de opposysje. En sa tinke de beide noardlike PvdA-leden Van Dijken en Van Beek der ek oer.

Tiisdei begjinne de beide leden mei it sammeljen fan hantekeningen sadat se in ekstra partijkongres útroppe kinne. Dêr binne 2500 hantekeningen foar nedich. Van Dijken hat der alle fertrouwen yn dat dy der ek echt komme. En dan kin der mei trije moannen in kongres wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)