Koart pleit gemeente Harns tsjin Ludinga Vastgoed

28 jun 2016 - 17:03
  • It Gemeentehûs fan Harns

De gemeente Harns sleept Ludinga Vastgoed foar de rjochter oer it ferbreedzjen fan in stik feart. It giet om de feart oan de súdkant fan de Pollendam yn de wyk Ludinga. Der is al folle langer in skeel tusken Ludinga Vastgoed en de gemeente oer de ynrjochting fan de wyk.

It is ek net de earste kear dat beide partijen elkoar foar de rjochter treffe. Neffens Harns hat de rjochter begjin dit jier oanjûn dat de feart 20 meter breed wurde moat. Neffens direkteur Klaver van Ludinga Vastgoed kin dat net.

Klaver seit dat de romte der net is en dat neffens Wetterskip Fryslân it achterlân ûnder wetter komt te stean.

De gemeente seit dat it wetterskip de plannen hjirfoar goedkard hat. Harns wol no middels in koart pleit berikke dat de twangsommen oplein wurde as it ferbreedzjen fan de feart no net oppakt wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)