Omrop Fryslân bliuwt op satellyt

© Omrop Fryslân
Omrop Fryslân bliuwt de kommende twa jier fia satellyt te besjen. Dêroer is in nije oerienkomst tekene mei de M7 Group, it memmebedriuw fan ûnder oaren CanalDigitaal.
De nije oerienkomst is sletten mei Omrop Fryslân, RTV Noord, RTV Oost en Omroep Gelderland. Dy stjoerders wurde fan freed 1 july ôf ûnderdiel fan it basispakket fan CanalDigitaal. Yn dat pakket sitte ek alle lanlike stjoerders.
Satellytsjoggers dy't no noch allinne free-to-air sjogge en de oanbelangjende regionale omroppen ûntfangen bliuwe wolle, krije it advys om foar 1 july in abonnemint by CanalDigitaal ôf te sluten. Mear ynformaasje is beskikber op CanalDigitaal.nl.