PvdA fraksjes: lit Caparisgearkomste wol trochgean

28 jun 2016 - 16:22

De acht PvdA fraksjes fan de Caparisgemeenten dogge in oprop oan harren wethâlders om de gearkomste dy't foar woansdei pland stie wol trochgean te litten. Fiif wike lyn hiene de acht PvdA fraksjes fan de gemeenten Ljouwert, Hearrenfean, Smellingerlân, Tytsjerksteradiel, Achtkarspelen, Kollumerlân, Weststellingwerf en Eaststellingwerf dizze mienskiplike gearkomste oanfrege fanwege de grutte bestjoerlike problemen by de sosjale wurkfoarsjenning. Se soene bypraat wurde troch de wethâlders fan de gemeenten.

De wethâlders hawwe fan 'e middei witte litten de gearkomste ôf te sizzen.

Foarsitter Engbert van Esch

De GR (gemeenschappelijke regeling) seit dat der gjin nijs is oer de herstrukturearing. Foarsitter Engbert van Esch fan de mienskiplike regeling fan de acht gemeenten seit yn in reaksje dat de fraksjes troch harren eigen wethâlders bypraat wurde sille.

Wethâlder Andries Ekhart fan Ljouwert wie justerjûn net by de gearkomste dêr't besletten is om de bypraatjûn ôf te sizzen. Hy is troch Van Esch op 'e hichte steld dat in mearderheid fan de wethâlders de gearkomste moarn net trochgean litte wol. Hy fynt dat der foar de simmer noch wol in mienskippelike byienkomst fan alle gemeenten komme moat.

De problemen moatte bepraat wurde

Neffens de wurdfierder fan de PvdA fraksjes is de herstrukturearing net it wichtichste ûnderwerp fan de byienkomst. De fraksjes wolle benammen bypraat wurde oer de oare problemen by it bedriuw. Dan giet it oer de rjochtsaken, it fertrouwen fan de ûndernimmingsried yn de ried fan kommissarissen dat opsein is en in direkteur dy't siik thús sit.

Roel Haverkort fan de fraksje yn Smellingerlân seit dat hy mei "stomheid geslagen is", en it dan noch sêft útdrukt. Ek Tamara Bok fan de PvdA fraksje yn Ljouwert is ferbjustere.
De fraksjes wolle dat de gearkomste moarn dochs trochgiet.

De byienkomst fan de ûndernimmingsried fan Caparis moarn giet wol troch. Dy soe foarôfgeand oan de gearkomste mei de wethâlders har ferhaal oer de gong fan saken yn it bedriuw út de doeken dwaan.

Om fiif oere fan 'e middei komme de oandielhâlders fan Caparis byelkoar. Wat it ûnderwerp fan dizze gearkomst is is net bekend.

Trefwurden: 
Caparis
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)