Krematoarium Aldehaske bepraat yn Ried fan Steat

28 jun 2016 - 14:55
  • It nije krematoarium yn Aldehaske

De Ried fan Steat yn Den Haach hat him fan 'e moarn bûgd oer de bou fan in krematoarium yn Aldehaske. Omwenners meitsje beswier tsjin it nije krematoarium. Sy betwivelje as it nedich is dat der njonken it krematoarium yn Aldskoat noch in krematoarium yn de regio boud wurdt. De gemeente hat neffens harren de needsaak net genôch oantoand en gjin rekken holden mei de besteande krematoaria. Ek is der net genôch ûndersyk dien nei alternative lokaasjes.

It krematoarium moat komme op it bedriuweterrein Haskerpoart en is it inisjatyf fan in útfeartûndernimmer út Oranjewâld.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)