Data-útwikseling GGD Fryslân en Lifelines ropt fragen op

GGD Fryslân © Omrop Fryslân, Oetze Deelstra
De gemeentefraksjes fan D66 en de ChristenUnie yn Ljouwert binne fernuvere oer de ôfspraken tusken GGD Fryslân en Lifelines. Dizze organisaasjes binne oerienkaam dat se data mei-inoar diele sille.
De politike partijen freegje harren ôf wêrom't in oerheidsynstânsje lykas GGD Fryslân medyske gegeven beskikber stelt. De fraksjes hawwe grutte noed oer it ûntbrekken fan tastimming fan boargers foar dizze ôfspraak. Se wolle no fan de wethâlder fan Ljouwert antwurden hawwe oer de kwestje.
Ljouwert hat as dielnimmer oan 'e Feilichheidsregio Fryslân tastimming jûn foar de data-útwikseling.